Westerkertier | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
boargemaster | Ard van der Tuuk |
sifers en geografy | |
haadplak | Súdhorn |
grutste plak | De Like |
ynwennertal | 64.806 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 177 / km² |
oerflak | 368,74 km² |
● wêrfan lân | 362,61 km² |
● wêrfan wetter | 6,13 km² |
tal doarpen | 41 |
ferkearsieren | A7 N355 Spoar fan Harns nei Nijeskâns |
skiednis | |
oprjochte | 2019 |
Oant 2019 | Súdhorn De Like Mearum, Gruttegast, Winsum (foar in part) |
oar | |
netnûmer | 0594 |
postkoade | 9350, 9351, 9363, 9800, 9801, 9860, 9861 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.westerkwartier.nl |
De gemeente Westerkertier is sûnt 1 jannewaris 2019 in gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie troch gearfoeging fan de eardere gemeenten Súdhorn, Gruttegast, Mearum en De Like. De gemeente komt foar it measte oerien mei it gea Westerkertier. Dêrnjonken is ek in diel fan de eardere gemeente Winsum by it Westerkertier foege, de rest fan dy gemeente waard yndield by de ek yn 2019 ûnstiene gemeente It Hegelân (Het Hogeland). It gemeentehûs fan de gemeente Westerkertier stiet yn Súdhorn. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 in ynwennertal fan 64.806 (boarne: CBS).